UPDATE: MCL draait wer normaal

04 jan 2016 - 13:58

Sikehûs MCL yn Ljouwert draait wer normaal. Moandeitemiddei hie it sikehûs besletten om plande operaasjes út te stellen, fanwege problemen mei de stroomfoarsjenning.

Troch izel op de stroomtriedden hat it noarden de hiele dei al lêst fan stroomútfal. Yntusken kin it sikehûs wer gewoan wurkje en kinne ek plande operaasjes wer útfierd wurde. Minsken fan wa't de operaasje útsteld is, krije persoanlik berjocht. It giet om 35 gefallen.

Trefwurden: 
MCL operaasje stroomdips
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)