Elfstedenhal giet tiisdeitemiddei wer iepen

De Elfstedenhal © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De Elfstedenhal giet tiisdeitemiddei om 13.30 oere wer iepen foar it publyk. De hal waard sneon troffen troch brân yn de masinekeamer wêrtroch alle stroom yn de hal útfoel. Mei help fan needaggregaten koe foarkommen wurde dat it iis hielendal fuortteide.
Snein wie de ferwachting noch dat de hal woansdei wer iepen koe, mar dat wurdt no dochs in dei earder. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Foar it lêste nijs kin men it bêste op de Facebookside fan de Elfstedenhal sjen.