Testalarm wie 10 minuten te let troch drokte by meldkeamer

Loftalarm
It loftalarm gong moandeitemiddei hast tsien minuten letter ôf as normaal. Alle earste moandeis fan de moanne om 12 oere giet it testalarm ôf. Dizze moandei wie dat lykwols oeral hast tsien minuten letter.
De Veiligheidsregio litte witte dat dit kaam troch de drokte yn de meldkeamer. Troch it kâlde waar binne der mear ûngelokken as oars en komme der in soad meldings by de meldkeamer binnen.