Ljouwerter fytsedieven oanhâlden by Wurdum

© ANP
Twa Ljouwerter fytsedieven binne sneintejûn mei tank oan in plysjeman yn boarger oppakt. De twa hienen op De Tsjotter yn Grou fytsen yn in auto laden. In tsjûge fertroude it net en belle de plysje. Dy kontrolearre it duo op de Oostergowei, mar om't de fytsen net as stellen registrearre stienen, koe de plysje neat dwaan.
In plysjeman dy't frij hie joech letter troch dat ien fan de fytsen yn de auto bot like op in stellen fyts. It duo is doe by Wurdum opnij oan de kant setten en de stellen fyts stie yndied yn de auto. It duo is oppakt.