It Noarden hat temin ambulânses by kalamiteiten

04 jan 2016 - 11:30

It Noarden hat temin ambulânses as der in grutte kalamiteit is. Dat docht bliken út in grutte oefening dy't de trije noardlike ambulânsetsjinsten ôfrûne oktober hâlden hawwe. Moandei wurdt lanlik in nije organisaasje oansteld om de soarch by kalamiteiten te fersoargjen, de Grootschalige Geneeskundige Bijstand. Dy hat as rjochtline dat der by in ramp binnen twa oeren hûndert ambulânses wêze moatte. Dat slagget yn it Noarden no noch net.

Der is no in oergongsperioade ynsteld, mids 2016 moat alles op oarder wêze.

Njonken it tekoart oan ambulânses binne der ek mear weinen nedich om minsken op lokaasje te behanneljen. Dêrfoar is al in nije wein oankocht.

Trefwurden: 
kalamiteit ambulânses
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)