UNIS Flyers wint maklik fan Chiefs yn Leuven

UNIS Flyers wint fan Leuven © Unis Flyers
De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe sneintejûn mei 8-3 wûn fan de Chiefs yn Leuven. Ronald Wurm makke trije goals foar de Flyers. De Feansters rûnen yn de earste twa perioaden út nei in 6-1 foarsprong. Mei in slotoffinsyf kamen de Belgen noch ta 8-3.
Troch de winst bliuwt UNIS Flyers earste yn de BeNe-League.