Fryslân ûnder de earste wite tekken fan dizze winter

Foar it earst yn dizze winter is ús provinsje wyt. It is mar in tin laachje, mar it is genôch om it winterske gefoel te bringen. Gefolch is wol dat it ferkear fuortendaliks begjint te heakjen. Op de A7 stie tusken It Hearrenfean en Grins sa'n 20 kilometer file. Ek is it op guon plakken flink glêd troch izel en snie.
Troch iisfoarming op de stroomkabels hawwe we sûnt sneintejûn al lêst fan knipperjende lampen en tusken Ljouwert en Grins ride gjin sneltreinen troch steurings.