Arjan Stroetinga pakt mei oermacht 6e nasjonale maratontitel

03 jan 2016 - 17:44

Arjan Stroetinga út Waskemar hat snein foar de sechsde kear de nasjonale titel op de maraton pakt. Stroetinga pakte de winst mei oermacht. Yn it begjin fan de race pakte Stroetinga mei noch seis oaren in rûntsje foarsprong. Letter kamen dêr noch twa by.

Dêrby krige Stroetinga ek in soad help fan ploechmaat Jorrit Bergsma, dy't de groep healwei oppikte en werombrocht nei it peloton. Stroetinga makke it dêrnei yn de einsprint maklik ôf. Evert Hoolwerf waard twadde. Simon Schouten, ploechmaat fan Stroetinga, pakte it tredde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)