Daan Breeuwsma tredde op NK shorttrack sûnder snein te riden

Ljouwerter Ithzak de Laat is sneintemiddei twadde wurden yn de superfinale op it NK shorttrack. De winst gong nei Adwin Snellink, it brûns wie foar Mark Prinsen. Dennis Visser fan De Lemmer waard fyfde, Ljouwerter Leon Bloemhof sechsde.
De einoerwinning wie foar Freek van der Wart. Hy wie al wis fan de winst foarôfgeand oan de finale. It sulver gong nei Adwin Snellink en Daan Breeuwsma einige op it tredde plak. Hy kaam snein net mear yn aksje fanwege problemen mei de knibbel, mar hie sneon genôch punten sammele foar in poadiumplak.
Dennis Visser einige as fjirde, Ithzak de Laat as fyfde en Leon Bloemhof waard achtste.