NK shorttrack: Visser sulver, De Laat brûns op 1000 meter

03 jan 2016 - 14:45

Dennis Visser fan De Lemmer hat sneintemiddei in sulveren medalje pakt op de 1000 meter op it NK shorttrack. Ljouwerter Ithzak de Laat waard tredde. It goud gong nei Freek van der Wart. Dy stelde dêrmei ek de winst yn it einklassemint feilich. Letter sneintemiddei ride de manlju noch de superfinale oer 3000 meter. Dan wurdt dúdlik wa't sulver en brûns wint op it NK.

Ljouwerter Leon Bloemhof helle de finale op de 1000 meter net.

Sjinkie Knegt út Bantegea en Daan Breeuwsma út Akkrum dogge snein beiden net mei op it NK. Knegt kaam it hiele wykein al net yn aksje fanwegen gryp. Breeuwsma melde him sneintemoarn ôf. Hy fielt him net fit en hat lêst fan de knibbel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)