Schulting pakt sulver op 1000 meter by NK shorttrack

03 jan 2016 - 14:31

Suzanne Schulting fan De Tynje hat sneintemiddei sulver wûn op de 1000 meter op it NK shorttrack. Jorien ter Mors pakte it goud, Yara van Kerkhof it brûns. Rianne de Vries út Akkrum waard fjirde. Fuort by de start gong de nûmer 1 fan it algemien klassemint, Lara van Ruijven ûnderút.

Dêrtroch klimt Ter Mors no wer nei it earste plak yn it algemien klassemint. Schulting stiet twadde. Sneintemiddei ride de froulju noch de superfinale oer 2000 meter.

Roza Kooystra fan Lúnbert helle de finale fan de 1000 meter net. Sy waard yn de heale finale útskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)