Ald-direkteur Skipfeartmuseum Sytse ten Hoeve (70) ferstoarn

03 jan 2016 - 11:51

Ald-direkteur Sytse ten Hoeve fan it Skipfeartmuseum yn Snits is nijjiersdei ferstoarn. Ten Hoeve wie ek bekend as tsjerkekenner, histoarikus en geakundige. Syn funksje as direkteur fan it skipfeartmuseum krige er yn 1976. Under syn lieding groeide it museum en ferdûbele it oantal foarwerpen yn de kolleksje.

Fierder wie Ten Hoeve aktyf by de stichting Alde Fryske Tsjerken, de Fryske Akademy en by de Stichting Ald Snits. Oer de skiednis publisearre hy tal fan boeken en artikels.

Hy waard ûnder oaren ûnderskieden as eareboarger fan Nijlân en Snits en krige de kultuerpriis fan Wymbritseradiel. Yn 2005 naam er ôfskied as direkteur fan it Skipfeartmuseum. Sytse ten Hoeve is 70 jier wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)