Sjinkie Knegt komt ek snein net yn aksje op it NK shorttrack

Sjinkie Knegt © schaatsen.nl Soenar Chanid
Nei Daan Breeuwsma komt ek Sjinkie Knegt snein net yn aksje op it Nederlânsk kampioenskip shorttrack yn Amsterdam. Knegt kaam sneon ek al net op de baan om't hy de gryp hat.
Sneon twivele hy noch oer wol as net starte snein. Kâns op de nasjonale titel hie de Bantegeaster al net mear. Knegt hie him al pleatst foar it EK yn Sotsji. It hat dus fierder gjin konsekwinsjes.
Snein is ek it NK maraton op de Jaap Eden Baan yn Amsterdam. Jorrit Bergsma twifele ek oft hy snein wol meidwaan soe omdat hy net fit wie. Mar de Boarnster hat sneintemoarn besletten wol mei te dwaan.