Animal Inside Out lûkt 60.000e besiker op lêste dei

De eksposysje Animal Inside Out yn it Natuermuseum yn Ljouwert hat snein op de lêste dei de 60.000e besiker oer de flier hân. De famylje Rieke hie de ear de jubilearjende besiker yn harren midden te hawwen. It Natuermuseum is tige te sprekken oer it tal besikers. Yn it foar waard tocht dat der sa'n 30.000 minsken op de tentoanstelling ôfkomme soene.
Neffens it museum is Animals Inside Out is de grutste en spektakulêrste tentoanstelling dy't se dêr oait hân ha, yn de 94 jier dat it museum bestiet.
De eksposysje bestiet út in tal fan ferstoarne, konservearre bisten dy't minsken ûnder de hûd sjen kinne. De tentoanstelling wie fan 3 oktober oant en mei 3 jannewaris te sjen.
Mear skoalbern
De tentoanstelling luts net allinnich in protte losse besikers, der is ek in rekôrtal skoallen op ôfkaam. Gewoanwei binne dat benammen basisskoallen, mar no kamen der ek in protte learlingen fan middelbere skoallen en studinten fan hegeskoallen en universiteiten nei it museum.
Yn totaal wiene dat yn 2015 11.000, en dat is in ferdûbeling fan it tal yn 2014.