NK shorttrack: 500 meter foar Van der Wart en Van Ruijven

03 jan 2016 - 10:35
  • Shorttracker Daan Breeuwsma
  • Roza Kooystra yn aksje

Shorttracker Daan Breeuwsma út Akkrum einige sneontejûn op de 500 meter op it NK bûten it poadium. Hy waard fjirde. De winst gong nei syn grutte konkurrint Freek van der Wart. Dy nimt troch de winst ek de lieding yn it algemien klassemint oer fan Breeuwsma. Dy stiet twadde, mar komt snein net mear yn aksje. Hy fielt him net fit en hat lêst fan de knibbel.

By de froulju waard Roza Kooystra fan Lúnbert twadde op de 500 meter. De winst wie foar Lara van Ruijven.

De race ferrûn rommelich. Jorien ter Mors feroarsake in falpartij en naam ûnder oaren Suzanne Schulting fan De Tynje mei. Ter Mors krige foar de falpartij in straf. Dêrtroch stiet Van Ruijven earste yn it algemien klassemint, foar Ter Mors en Schulting.

Knegt

Snein ride de shorttrackers noch de 1000 meter en de superfinale oer 2000 (froulju) of 3000 meter (manlju). Oft Sjinkie Knegt út Bantegea snein start, is noch net wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)