Automobilist skept fytser op It Hearrenfean
In 62-jierrige automobilist hat sneontemiddei in plakgenoat skept op de krusing fan De Fok mei de K.R. Poststrjitte. It slachtoffer, in 64-jierrige fytser, rekke dêrby ferwûne.
De automobilist woe op De Fok linksôf slaan en seach de fytser oer de holle. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.