UPDATE: Brân yn heabulte Wikel: skuorre mei geiten fol reek

03 jan 2016 - 09:54

By in brân oan de Lytse Jerden yn Wikel binne sneintemoarn 80 geiten oan de dea ûntkaam. Yn de kuilbulte njonken de skuorre dêr't de bisten ynstiene, wie broei ûntstien. De boer fernaam dat sels, doe't er melke soe. Hy warskôge de brânwacht en begûn dêrnei sels mei blussen.

De kuilbulte wie lykwols gleonhjit. Mei in shovel is de bulte útelkoar helle; de brânwacht hat it ynkuilde gers ôfkuolle. De geiten binne mei stekken by de brân weihâlden. De bisten hawwe de brân allegear oerlibbe.

Yn de skuorre sit asbest, mar dat is goed wiethâlden en smiet gjin gefaar op. Ek in stâl dêrnjonken, dêr't noch mear geiten yn sieten, is sparre bleaun.

Trefwurden: 
brân Wikel heabulte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)