UNIS Flyers wint topper fan Herentals

02 jan 2016 - 22:23

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha op it eigen iis fan Thialf de topper tsjin it Belgyske Herentals mei 4-3 wûn. De perioadestannen: 1-1, 2-1 en 1-1. Mark Hoekstra wie de doelpuntemakker foar de thúsploech yn de earste perioade, Ronald Wurm en Yan Turcotte yn de twadde. Nei 3-3 waard Harry Matheson de Feanster matchwinner. De Flyers ha no it earste plak yn groep A fan de BeNe league wer yn hannen. Sneintejûn wachtet de útwedstriid tsjin Leuven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)