Ter Mors nimt nasjonale titel 1500 meter oer fan Schulting

02 jan 2016 - 17:39

Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje is sneontemiddei twadde wurden op de 1500 meter by it NK shorttrack yn Amsterdam. Op de Jaap Eden baan wie Jorien ter Mors mei oermacht de rapste. It tredde plak gong nei Yara van Kerkhof. Schulting wie titelhâldster op de 1500 meter, mar moast de nasjonale titel dus litte oan Ter Mors.

Op de 500 meter gongen Ter Mors en Schulting ûnderút. Ter Mors waard diskwalifiserre, Schulting einige as fjirde. Roza Kooystra fan It Hearrenfean waard twadde op de 500 en fiifde op de 1500 meter.

De 500 meter waard wûn troch Lara van Ruijven. Sy hat ek de lieding yn it klassemint nei de earste dei.Ter Mors is twadde, Schuling tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)