Sandor van der Heide bliuwt langer by IJsselmeervogels

02 jan 2016 - 16:48
  • Sandor van der Heide yn petear mei ferslachjouwer Andor Faber

Sandor van der Heide ferlinget syn kontrakt as trainer fan topklasser IJsselmeervogels. Van der Heide kaam earder dit seizoen oer fan SC Cambuur. Dêr wie er as assistint fan Henk de Jong oan de kant setten.

Van der Heide hie yn earste ynstânsje in kontrakt by IJsselmeervogels tekene oant de ein fan it seizoen. Dat ferlinget er no oant de simmer fan 2017. IJsselmeervogels stiet op it stuit op it tolfde plak yn de topklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)