Twa auto's fernield yn Ljouwert

02 jan 2016 - 16:35

Twa auto-eigeners binne freedtenacht slachtoffer wurden fan ynbraak yn Ljouwert. Harren auto's stienen parkearre oan de Doelestrjitte. De ruten fan de auto's binne ynslein. Wat der krekt meinaam is, is net bekend.

De plysje siket tsjûgen fan de ynbraken. De eigeners, in 54-jierrige ynwenner fan Súdwest-Fryslân en in 26-jierrige frou út Tytsjerksteradiel, hawwe oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)