Helptsjinsten sykje opnij nei opfarrende op De Iselmar

02 jan 2016 - 14:04

Helptsjinsten sochten sneontemoarn opnij nei de fermiste man op de Iselmar. Mar sûnder resultaat. De man wurdt sûnt 27 novimber lêstlyn fermist. Hy siet op in motorboat dy't tusken Urk en De Lemmer sonk. In oare opfarrende, in 68-jierrige Amsterdammer, waard twa dagen nei it ûngelok fûn.

De Lemster brânwacht waard sneontemoarn alarmearre om de plysje te helpen op it strân fan De Lemmer. In kuierder rûkte op it strân in opfallende geur en tocht dat it faaks it lichem fan de fermiste man wie. 

Hy skeakele de plysje yn. De helptsjinsten hawwe yn it wetter en it reid by de kust del socht, mar neat fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)