Nei de winkel? Nim sels in taske of plestik pûde mei

As je sneon noch nei de winkel moatte om boadskippen... tink der dan efkes ekstra goed om om in tas mei te nimmen. Want je krije net mear fergees in plestik pûde mei. Miskien ha je der al wat fan heard: sûnt freed moatte winkels ferplicht in lytse fergoeding freegje foar in taske.
Doel is dat der sa wat dien wurdt oan de grutte bergen plestik dy't yn it miljeu bedarje. As je earne foar betelje moatte, dan gean je der suniger mei om, sa is de gedachte.
Undernimmer Anton Zantman fan Eric Steenbergen yn Ljouwert fernimt no al dat mear minsken der rekken mei hâlde en sels in taske meinimme.