Oranje Ferbynt set nije taksytsjinst op yn Burgum

It mienskipsfûns Oranje Ferbynt set sneontemiddei yn Burgum útein mei in syktocht nei frijwilligers foar in nije taksytsjinst. Dy moat op 1 maaie yn it doarp begjinne. Burgum krijt dan twa lytse elektryske auto's. Minsken betelje dan ien euro en kinne dêrfoar oeral yn Burgum hinne brocht wurde.
Bygelyks nei de húsdokter, de apoteek of de winkel. De tsjinst is benammen bedoeld foar âlderen, mar ek oare klanten binne wolkom. It projekt kostet 120.000 euro, de finansiering is sa goed as rûn.
De bedoeling is dat de taksys seis dagen ride sille. Faaks ek wol sân, om op snein minsken nei tsjerke te bringen. Geesje Duursma fan Oranje Ferbynt tinkt dat der yn totaal sa'n 60 frijwilligers nedich binne om de taksys ride te litten.