Fryslân krijt sneontejûn mooglik earste snie

02 jan 2016 - 10:20
  • Rûnwei Ljouwert yn de snie

Yn Fryslân wurdt sneontejûn de earste snie ferwachte. Kâlde lucht streamt fanút it noardeasten Nederlân binnen, wêrtroch de temperatuer flink nei ûnderen giet oant tichtby of ûnder de nul. Tagelyk lûkt in delslachgebiet oer de provinsje, wêrtroch der kâns is op snie en izel.

Hjirtroch kin it glêd wurde op de diken. Mooglik wurdt snein de earste iisdei fan dit winterseizoen. Dêrfoar moat it de hiele dei frieze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)