Gratamapriis 2015 oerhandige oan dirigint Van der Woude

© Enno Achterhof
Dirigint Klaas van der Woude hat freed yn de Lawei yn Drachten de Gratamapriis krigen. De kultuerpriis waard oerhandige oan Van der Woude fanwege syn fertsjinstlike prestaasjes op it mêd fan de muzyk. De dirigint fan De Bazuin en dosint oan it Prins Claus Conservatorium is al hast 25 jier aktyf yn de muzykwrâld.
Van der Woude krige de priis út hannen fan wethâlder Marja Krans fan de gemeente Smellingerlân. De Gratama wurdt iens yn de trije jier útrikt.