Ljouwerter feehannelers organisearje jubileumkongres

01 jan 2016 - 17:41

De Ljouwerter feehannelers hâlde yn maaie in kongres om te fieren dat se al 15 jier de feemerk organisearje. It moat in feestje wurde foar feehannelers en feilingen út hiel Europa, mar wol mei in serieuze ûndertoan. Dêr begjint it mei, seit foarsitter Andries Kingma fan de Ljouwerter feemerk.

It jubileumkongres moat in byld jaan fan de wize wêrop minsken de kommende tweintich jier oan har iten komme, mar it is ek de bedoeling dat de bûtenlânske feehannelers Fryslân besjen kinne. De organisaasje ferwachtet mear as 250 besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)