Kramer sjocht ôf fan nominaasje sportman fan Fryslân

01 jan 2016 - 16:56

Reedrider Sven Kramer wol net nominearre wurde foar sportman fan it jier fan Fryslân. Dat hat hy de sjuery fan it Sportgala Fryslân witte litten. Kramer hie al in nominaasje yn de bûse foar dy kategory. Sjuerylid Anne Jochum de Vries fynt it spitich dat de mearfâldich wrâldkampioen reedriden ôfsjocht fan de nominaasje. Benammen om't Kramer in grut foarbyld is foar de reedridende jongerein yn de provinsje.

Sven Kramer sels wie net berikber foar kommentaar. It Sportgala Fryslân wurdt woansdei 17 febrewaris organisearre. It Fryske publyk en in sjuery bepale wa't de sportman, frou of ploech fan it jier wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)