Gjin grutte ynsidinten mei de jierwiksel

01 jan 2016 - 13:05
  • Fjoerwurk boppe it Saailân yn Ljouwert

Yn Frylân binne mei âld en nij 24 minsken oanhâlden. Trettjin fan harren moasten de sel yn. It gie dan benammen om mishannelings, fjochterijen en fernielings. De plysje sprekt fan in drokke nacht sûnder echt grutte kalamiteiten, al waard yn Drachten in frou fan 64 swier mishannele. Twa jongens bin dêrfoar oppakt. De krekte oanlieding is net dúdlik.

Yn Ljouwert hat de EOD oan de Pasteurwei swier fjoerwurk ûntmantele. Buertbewenners hiene fiiftûzen euro ynsammele en dêrfoar in soarte fan mortierynstallaasje kocht. De plysje skeakele de EOD yn.

Falske melding

Yn Boalsert is in 64-jierrige man oppakt foar in falske melding. Hy hie it neednûmer 112 belle en sein dat der minsken mei wapens troch de stêd rûnen. In 45-jierige ynwenner fan Berltsum is yn eigen doarp oanhâlden. Hy soe in jongeman ferskate kearen slein hawwe. Boppedat bedrige er in oarenien mei in mes. It ynsidint wie by de brânbult yn it doarp.

Brânwacht

De brânwacht moast 99 kear yn aksje komme. It gie benammen om lytse brannen. Twa kear gie it om in wat gruttere brân. Mei-inoar hawwe sân wenten skea oprûn troch fjoer of reek.

Drank

De ambulânsetsjinst hie it folle drokker. Benammen mei minsken dy't tefolle dronken hiene of dy't slachtoffer wiene fan fjochterij.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)