Nederlânsk EU-foarsitterskip 'Amsterdamske oangelegenheid'

It Nederlânsk foarsitterskip fan de EU driget te folle út in Amsterdamske ivoaren toer te kommen. De byienkomsten binne yn Amsterdam en de tema's binne te bot op de Rânestêd rjochte. Dat hie oars kinnen en moatten, seit Sybren Posthumus fan de FNP.
De FNP hie graach sjoen dat der bygelyks praat wurde soe oer lânbou, krimp, en leefberheid fan it plattelân. Dy tema's stean no net op de wurklist, wylst polityk Den Haag wol prate wol oer 'urban affairs'. Dat is in miste kâns, seit Posthumus.
Nederlân dit jier EU-foarsitter
Fan 1 jannewaris oant 30 juny 2016 is Nederlân foarsitter fan de Rie fan Ministers fan de Europeeske Uny. De taak fan in foarsitter is benammen it bemiddeljen tusken de 28 lannen fan de EU, en tusken de Europeeske ynstellings lykas de Rie fan Ministers, de Europeeske Kommisje en it Europeesk Parlemint. De foarsitter is ferantwurdlik foar de wurklist fan de Rie fan de EU, en liedt alle gearkomsten.
Tolfde kear
It foarsitterskip fan de EU wikselet om it healjier. Alle lidsteaten komme oan bar. Foar Nederlân sil it de tolfde kear wurde. It foarige Nederlânske EU-foarsitterskip wie yn 2004.