350 minsken rinne it wetter yn op nijjiersdûk It Amelân

01 jan 2016 - 11:33

It Amelân hie op nijjiersmoarn neffens tradysje wer de earste nijjiersdûk fan Nederlân. Om alve oere giene de minsken de see yn by Hollum. Dit jier diene dêr sawat 350 minsken oan mei. It wie foar de tolfde kear dat de dûk organisearre waard. Dielnimmers krigen nei ôfrin ûnder oare in medalje.

Op nijjiersdei binne der noch folle mear nijjiersdûken yn Fryslân, ûnder oare oan beide kanten fan de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
nijjiersdûk It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)