Stunt fan De Folgeren: "Wapens omsmelte ta ploegen"

Frijsteat De Folgeren freget yn syn nijjiersstunt fan dit jier omtinken foar oarloggen en konflikten yn 'e wrâld. Op it plak fan it eardere hotel Freewyk yn Drachten stiet op nijjiersmoarn in tal âlde ploegen, mei in boerd dat ferwiist nei it al âlde kredo 'Smelt wapens om ta ploegen'.
De âldjiersgroep hat de ploegen út it Emsland Moormuseum yn Geeste yn Dútslân weihelle. Dat leit net fier fan Emmen.