Brân by bungalowpark op Skylge

01 jan 2016 - 07:20

De brânwacht fan Skylge is freedtemoarn betiid mei twa ienheden útrukt om in bran te blussen op bungalowpark Schuttersbos yn Midslân. It gie om in útslaande brân yn de resepsje. De helte fan it dak is troch de brân ferlern gong. Mei in bûtenoanfal mei lege druk is it slagge de measten flammen fuort te krijen. De elektrisiteit is út foarsoarch ôfsletten. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)