Fjoerwurk en feest yn Fryslân

01 jan 2016 - 03:18
  • Boargemaster Van der Zwan winsket in ynwenster lokkich nijjier

Yn hiel Fryslân is de komst fan it nije jier fierd mei in soad fjoerwurk, oaljekoeken, nijjierswinsken en fansels sa hjir en dêr in slokje. Yn Ljouwert wie der ditkear gjin sintraal ôftelmomint.

Wol wie der in útferkocht feest yn poppoadium Neushoorn. Earder waard soks ek yn teater Romein dien, mar yn Neushoorn is folle mear romte. Alle sealen wienen iepen sadat der 1100 minsken yn koene. Mar ek op oare plakken kamen minsken byelkoar mei op It Hearrenfean in bysûndere gast: boargemaster Van der Zwan socht syn ynwenners op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)