Soad reekskea oan wente by brân yn Snits

01 jan 2016 - 02:24

In wente oan de Houkesleatstrjitte yn Snits hat tongerdeitejûn in soad reekskea oprûn trochdat it fjoer fan in baarnende skuorre oersloech nei it hûs. Tsjin it hûs stie in soad hout foar de iepen hurd en dat rekke yn de brân. Dat soarge foar in soad reek. Troch yngripen fan de brânwacht wie de brân gau ûnder kontrôle.

Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Mar de skea is wol sa grut, dat Salvage ynskeakele is om de bewenners te helpen. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat te sizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)