Geitefok Aldeberkeap achter ferdwining grutte KNVB-bal

01 jan 2016 - 01:51

Aldjiersferiening De Geitefok fan Aldeberkeap hat as âldjiersstunt in meters hege bal meinaam út de foartún fan fuotbalbûn KNVB yn Zeist. De feriening rint dêrmei foarút op it kommende EK fuotbal yn Frankryk.

Oranje docht dêr net oan mei, mar België wol. De âldjiersferiening stelt dat Nederlân dêrom de Rode Duivels mar stypje moat en wol eins de bal oanbiede oan it Belgyske nasjonale fuotbalbûn. Mar úteinlik moat de fuotbal werom nei Zeist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)