Karbidsjitploech Akkrum wol fergunning foar grutter kanon

31 des 2015 - 16:33

De karbidsjitploech fan Akkrum - dy't himsels team Houwitzer neamd - wol yn jannewaris mei de gemeente Hearrenfean om de tafel, om in ûntheffing te krijen fan de strange regels foar it sjitten. It team wie al 11 jier wend om mei spesjale selsmakke kanonnen te sjitten, fan wol 70 liter.

Yn Boarnsterhim mocht dat, mar de gemeente Hearrenfean, dêr't Akkrum no by heart, wol net fierder gean as 40 liter. Dit jier krigen se noch ûntheffing, mar de Akkrumers wolle in definitive ûntheffing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)