Brânwacht hat it drok mei it blussen fan freugdefjurren

31 des 2015 - 15:35

De Fryske brânwacht hat op âldjiersdei al ferskate kearen yn aksje west om freugdefjurren te blussen. Dat wie yn Ternaard, Twizelerheide en Starum. De plysje fûn dat de fjurren út de hân rûnen en warskôge de brânwacht. Yn Twizelerheide wiene autobannen op it fjoer smiten en dêrtroch gong der in dikke swarte reek oer it doarp.

Neffens wurdfierder Jan Willem Swart fan de Fryske brânwacht wie de sitewaasje yn in oantal gefallen wat bedriigjend, omdat omstanners it net iens wiene mei it blussen fan it freugdefjoer.

De brânwacht waard âldjiersdei ek oproppen foar in brân oan de Snekertrekweg yn Ljouwert by de âlde slachterij fan Brada. Dêr wie sprake fan in protte reekûntwikkeling. De brânwacht hie it dreech om de oarsaak te finen. Uteinlik die bliken dat der brân wie yn in liftskacht. It fjoer is útmakke. It gebou wurdt foar in part bewenne om kraken tsjin te gean. De bewenners hawwe net yn gefaar west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)