Boeren ferkeapje kij, omdat se minder melke meie

31 des 2015 - 14:57

Der wurde mear kij nei de Ljouwerter feemerk brocht. Dat komt omdat FrieslandCampina boeren dizze wike frege hat minder molke te leverjen. Boeren wolle dêrom no kij kwyt. En dat is wer geunstich foar de Ljouwerter feemerk, dy't dochs al in goed jier draait.

Yn april waard it molkkwotum ôfskaft en dêrnei waard gâns mear molke oanfierd. Tefolle, sa waard yn desimber dúdlik. Boeren binne oproppen om foaral net mear molke te leverjen, hjirfoar krije se in finansjele fergoeding.

It nije belied wie fuort al te fernimmen by de Ljouwerter feemerk. Begjin dit jier wie de oanfier fan kij in stik leger, mar om't der wol in soad keallen en skiep levere waarden wie de feemerk dochs suksesfol. No't der ek mear kij bykomme hat de merk in goed foarútsjoch. De feemerk hat ynvestearre yn it wolwêzen fan de bisten. Der binne nije hokken pleatst sadat kij net mear fêstbûn hoege te wurden, mar losrinne kinne.

Trefwurden: 
feemerk kij boeren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)