Mids jannewaris dúdlikheid oer ferfolging De Boer Drachten

31 des 2015 - 13:48

It Iepenbier Ministearje beslút heal jannewaris oft gruthannel De Boer yn Drachten ferfolge wurdt. Dat meldt RTV Noord. De Boer wegere studint Bas van der Meer in staazjeplak, omdat er te iepenlik útkomt foar syn homoseksualiteit.

Van der Meer die ein novimber by de plysje oanjefte fan diskriminaasje. Dy hat nei ûndersyk de saak oerdroegen oan it Iepenbier Ministearje. Neffens in wurdfierder besjogge se dêr no it dossier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)