Modelspoor Museum Snits lûkt goed 15.000 besikers yn 2015

31 des 2015 - 10:45

Mear as 15.000 minsken hawwe dit jier in besite brocht oan it Modelspoor Museum yn Snits. Dat binne der 20% mear as in jier earder. Benammen in eksposysje oer treinen fanút Kamp Westerbork soargen foar in soad ekstra besikers.

It museum is mei âld en nij ticht. Sneon om 10.00 oere geane de doarren foar it earst yn 2016 wer iepen.

Trefwurden: 
Modelspoor Museum Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)