Brânwacht oproppen foar skoarstienbrân yn Jobbegea

30 des 2015 - 19:31

De brânwachtkorpsen fan Jobbegea en Drachten binne woansdeitejûn oproppen foar in skoarstienbrân oan de Belgyske Wyk yn Jobbegea. De brânwacht kaam mei ûnder oare in heechwurker te plak. De brân wie frij gau ûnder kontrôle.

Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is op it stuit noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)