Aksje foar mem en dochter dy't nei njoggen jier útset wurde

30 des 2015 - 15:20

Der is in petysje opset om útsetting fan mem en dochter Singh út Driezum foar te kommen. Se wenje sûnt 2006 yn Nederlân. De mem is Yndiase en is nei it ferstjerren fan har Surinaamske man mei twa dochters út Suriname nei Nederlân kaam. 

Yn Nederlân troude de mem mei in man dy't se fia ynternet kinnen leard hie. Mar it die bliken dat hy feroardiele wie en libbenslang nei in tbs-klinyk moast. Boppedat manipulearre hy har. Uteinlik binne se skieden. Sûnt dy tiid besykje mem en dochter in ferbliuwsfergunning te krijen, mar dat slagget net.

Ynboargere

Yntusken, nei hast tsien jier, binne de froulju ynboargere. Dochter Sachi (18) hat hjir de basisskoalle dien, sit no op de HAVO yn Dokkum en hat in soad freonen.  

Benaud foar takomst

It komitee 'Verblijfsvergunning familie Singh' en oare sympatisanten binne benaud dat de mem útset wurde sil nei Yndia, om't se in Yndiaask paspoart hat. ''Yn Yndia, dat is hielendal slim. Benammen omdat se no út in kristlik lân komme. Foar beide froulju is it foarútsjoch gewoan slim'', seit Jouke Dantuma fan it komitee. 

Dochter nei Suriname

Dochter Sachi soe dan mei har Surinaamske paspoart nei Suriname moatte. ''Ik wil mijn moeder natuurlijk niet kwijt. Ik ben dan wel 18 jaar, maar ik wil haar gewoon niet kwijt'', sa seit Sachi Singh. 

Sus mei bliuwe

De âldste dochter is troud mei in Nederlanner en mei sadwaande bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)