Fryske brânwacht rydt minder faak út foar automatysk alarm

30 des 2015 - 16:00

De Fryske brânwacht is dit jier 1200 kear útriden foar in automatysk brânalarm. Dat is hast in kwart minder as yn it jier dêrfoar, doe lei dat oantal op 1600. Lanlik lei it oantal dit jier op sa'n 35.000. It weromrinnen fan dizze meldings is it resultaat fan de oanpak fan de helptsjinsten om foar te kommen dat der ûnnedich op in melding ôfgien wurdt.

Sa wurdt der earst belle nei de lokaasje dêr't de melding weikomt, om te hearren hoe't de situaasje is. Dúdlik is dat de measte meldings fan in automatysk brânalarm te krijen hawwe mei itensieden, dat is te sjen oan in pyk yn de meldings tusken fiif en seis oere middeis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)