Oprop op Facebook oer stellen akku's hat noch gjin resultaat

30 des 2015 - 12:44
  • It dupearre bedriuw Tjalma Auto's yn Burgum

De needoprop op Facebook fan Tjalma Auto's yn Burgum hat in soad reaksjes opsmiten, mar der is noch hieltyd gjin dúdlikens oer de 70 akku's dy't dizze wike stellen binne by it bedriuw oan de Oppedijk van Veenwei. Ek by in oar autobedriuw yn Burgum waarden akku's stellen.

Op Facebook binne ek bylden fan de bewakingskamera te sjen. Neffens de plysje brûkten de dieven in wite bestelbus fan it merk Renault of Opel. De plysje giet der fan út dat der op syn minst trije dieven binne.

Neffens Willem Tjalma, fan Tjalma Auto's, is de plysje noch drok dwaande om de dieders te achterheljen. Foarearst giet hy der net fan út dat de autobedriuwen alle akku's wer werom krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)