Man rydt mei ûnjildich rydbewiis en bûten gebrûk stelde auto

30 des 2015 - 10:39

De plysje fan Ljouwert hat tiisdeitenacht in auto fan in 35-jierrige man yn beslach nommen. De Ljouwerter ried mei hege snelheid oer de Tweebaksmarkt. By syn oanhâlding waard dúdlik dat hy in ûnjildich rydbewiis hie. Boppedat hie hy ek noch foar hast 4000 euro oan boeten iepenstean en wie syn auto troch de offisier fan justysje bûten gebrûk steld.

Syn auto is dêrom fuortsleept en hy krige in bekeuring foar it riden mei in ûnjildich rydbewiis. De Ljouwerter koe dêrnei rinnende nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)