Kollum "Ik lis in aai"

30 des 2015 - 10:10

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok. 

"Salich. Nee, net de Kryst. Mar dat der de lêste wike in yngreven diskusje is yn Fryslân. Hearlik. Nee, salich dus. Oars hiene we no bygelyks âldehoere moatten oer dat de noardlike provinsjes jild stekke yn de noardlike ûntwikkelingsmaatskippij. De provinsjes bin sabeare grutsk, mar it is inkeld sa dat de NOM en it ministearje fan Ekonomyske Saken der it mier oan ha dat de provinsjes op in kwak jild sitte, en sy sels klauwen ha om wurkgelegenheid yn it noarden syn gerak te jaan. Dus Kamp sei: minder gas, mar dan wol ik jim bankboekjes sjen. Sa wurde de provinsjes aanst foar de helte eigener fan de NOM. Se sizze no al dat it dan folle better gean sil. Sa traapje se dus ek noch efkes NOM-direkteur Siem Jansen yn de Potmarge. Mar dy hat lokkich al in traap werom jûn, provinsjes moatte betelje, mar ha neat te sizzen. No, dêr bin we noch net oer útpraat. 

Mar wy ha no dy salige diskusje oer it sykjen fan ljipaaien. De Ried fan Steate, kotsmislik fan elk jier wer al dy sittingen oer it opkrijen fan dy aaien, sei op in gegeven stuit: we wolle no wolris in goed rapport oer de ljippestân, oer in grut tal jierren. De SOVON, de nasjonale neutrale fûgelûndersikers, kamen mei in rapport en dêr stie, wat in hiel soad lju al wisten, de ljip komt hast net mear nei Fryslân ta. Logysk, want alle aaien wurde him troch foksen, mûzebiters, guon boeren, mar ek troch aaifandelers ûnder de kont weihelle. Dat stie foar it oare net yn dat rapport. Mar deputearre Jehannes Kramer krige likegoed in kaam. Want doe’t hy it rapport lies tocht hy, wêrom freegje ik eins noch elk jier ûntheffing oan foar dy twa wike aaiopheljen. Is dat inkeld foar dat saneamde Fryske gefoel?

No, en dan dogge dy jonges by de Ljouwerter en de Omrop it wer ferkeard. Dy grieme der daliks wer fan dy ôfgeunstige Hollânske anty-Fryske fûgelbeskermingslju foar. Sa’n Niessen seit, foardat hy it rapport goed lêzen hat, dat Fryslân dat aaisykjen fierder wol ferjitte kin. Dan is it oarloch. Want dan komt automatysk Rendert Algra mei syn hiele Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten oanfladderjen. Beskermingswachten, hearre jim it. Dy leauwe de SOVON net en driigje fuortendaliks dat se ek mei de neisoarch ophâlde sille. Se tinke dat je inkeld mar ljippen neisoargje kinne as je se earst de aaien ôfpakke. Se tinke ek dat de eigen Fryske professor Teunis Piersma ûngelyk hat as dy seit dat de earste ljipaaien geef binne, krekt as de earste skriesaaien. 

Mar je kin ek maklik dy Hollânske faunalju ferkatse. Wêrom kinne wy net moai aaisykjen leare en derby in aaike opkrije, as oan de oare kant de folwoeksen ljippen yn Frankryk op it krystmenu stean. 

No prate we hjir al in jier as tsien, fyftjin oer, kin dat net in kear ophâlde? Deputearre Jehannes Kramer sit yn in skizofrene posysje. As hy de ûntheffing foar aaisykjen oanfreget krijt er Niessen, Piersma,  Marjanne Thieme, SOVON, Ried fan Steate, en trijekwart fan de Fryske befolking tsjin him. As er de ûntheffing net oanfreget en it aaisykje dus ferbied, krijt er al dy BFVW-ers tsjin him. Under it motto, Frysk, tradysje, neisoarchsjantaazje, fjildkultuerhistoarje, wat hat Den Haach der mei te krijen, Frysk-nasjonaal. Jehannes Kramer komt as FNP-er ek út dy rûnten, it is syn eigen folk. Hopeleas. We sille Jehannes wat stypje. 

Ik mei graach aaisykje, ha ek in soad opkrigen. Mar it is allegear wat oars wurden. Ik bin lid fan it BFVW. Ik sil besykje oft ik ek neisoargje kin, sûnder dat ik noch lid fan de BFVW bin. As dat kin, sis ik myn lidmaatskip op. En ik freegje alle lju yn it BFVW dan om ris goed nei te tinken. As je tinke dat neisoarch wichtiger is, en ek kin sûnder aaien op te krijen, dan wurd je lid fan it Nije Frysk Fûgelbeskermingsbûn, in ûnderdiel fan Kening fan de Greide. Dat mei dan in rjochtsaak oanspanne tsjin it BFVW, dat se de term beskerming net mear fiere meie. As it BFVW dan bestean bliuwe wol as de Fryske Nasjonale Aaisikersklup, ja dat is harren goed rjocht."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)