Ljouwerter pakt foar ferkeap fan stellen fytsen fia ynternet

30 des 2015 - 09:36

In 22-jierrige ynwenner fan Ljouwert is moandei oanhâlden foar it ferkeapjen fan stellen fytsen op Marktplaats. In keaper hie fia de webside in fyts oanskaft by de man. Thús ûntduts er lykwols, nei kontrôle fan it framenûmer, dat it om in stellen fyts gie. Hy melde dat by de plysje en dy gong nei de ferkeaper ta.

Doe't de plysje oanbelle, ferstoppe de Ljouwerter him achter de bank en moesten se de foardoar iepenbrekke. Yn de wenning stie ek noch in stellen fyts. De fertochte is oerbrocht nei it buro en hat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)