Kuratoaren freegje fallisemint oan fan Macintosh Retail

29 des 2015 - 21:37

De kuratoaren fan Macintosh Retail ha tiisdei it fallisemint fan it bedriuw oanfrege. It memmebedriuw fan skuonwinkels Scapino, Dolcis, Invito en Manfield krige ferline wike al útstel fan betelling. Yn gearwurking mei it bedriuw wurdt ûndersocht hoe't it no fierder moat.

De winkels fan Mactintosh Retail bliuwe foarearst gewoan iepen. Yn Fryslân binne der 24 winkels fan it bedriuw, wêrûnder ek 18 filialen fan skuonwinkel Scapino.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)