Museum 'It Damshûs' yn Nij Beets is yn trek by besikers

29 des 2015 - 21:13

It iepenloftmuseum 'It Damshûs' yn Nij Beets hat folle mear besikers lutsen as oare jierren. Dat komt neffens it bestjoer fan it museum troch de iepening fan it Polderhoofdkanaal. Mei de weriepening fan it Polderhoofdkanaal is neffens it iepenloftmuseum it tal besikers dit jier benammen oan it Sudergemaal bot tanaam. Troch de iepening kaam der ek romte foar in pindeltsjinst tusken It Damshûs en it Sudergemaal.

It Damshûs toant de ûntwikkeling fan it fean. Goed 9.000 besikers brochten tusken maaie en septimber in besite oan it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)